Koar sjongt yn alve stêden

05 jan 2009 - 11:06

It Swolse koar 'De Koor' sjongt sneon in spesjaal alvestêdeliet yn alle Fryske alve stêden. It nûmer 'It giet oan' is in presintsje oan Fryslân foar it 100-jierrich jubileum fan de Alvestêdetocht. It nûmer is skreaun op 'e meldij fan Sarabande fan Händel.

It koar giet de alve stêden by del mei de spilersbus fan Cambuur. Der wurdt ûnder oare songen yn it Antoniussikehûs yn Snits, de Broeretsjerke Boalsert en it Planetarium yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)