Koalysje iens oer Thialf

18 des 2012 - 10:01
  • Provinsjale Steaten

De koalysjepartijen PvdA, CDA en FNP yn provinsjale steaten binne der mei-inoar út oer de nijbou fan iisstadion Thialf. De partijen sille woansdei by de steategearkomste oer Thialf maksimaal 50 miljoen euro oan provinsjaal jild beskikber stelle. Fan dat jild sil yn april 2014 begûn wurde mei de bou fan de wedstriidhal fan Thialf.

De topsporttrainingshal kin der pas komme, wannear't it Ryk en it bedriuwslibben mei jild oer de brêge komme sille. Dat docht bliken út stikken dêr't Omrop Fryslân de hân op lein hat.

PvdA, CDA en FNP hawwe mei-inoar in mearderheid yn provinsjale steaten. Ferantwurdlik deputearre Konst wol graach én in wedstriidbaan én in topsporttrainingshal op It Hearrenfean. De kosten dêrfan binne yn totaal 106 miljoen euro. De steaten wolle dus foarearst allinne begjinne mei de wedstriidhal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)