Koalsiedweinen ek yn Grinslân

25 maaie 2005 - 15:56

De Fryske ôffalferwurker Omrin wol ek yn Grinslân jiskeweinen op koalsiedoalje ride litte. Yn Fryslân ride sûnt in heal jier op proef trije weinen op de oalje. Dat is yn de gemeente Ljouwert en Achtkarspelen.

Omrin is tefreden oer de proef, omdat koalsiedoalje better foar it miljeu en goedkeaper is. Doel is om yn Grinslân ek trije jiske-auto's op koalsiedoalje ride te litten. It giet om de plakken Winschoten, Scheemda en Bellingwedde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)