Koalsiedoalje út Oekraïne

18 jul 2006 - 11:20

De kânsen foar de bou fan koalsied yn de Oekraïne lykje goed foar Tjalling Postma fan Oaljehannel Postma yn Tytsjerk. Hy is op dit stuit yn Oekraïne mei in groep saakkundigen om mei lokale boeren te praten. Se peile de mooglikheden foar it ferbouwen fan koalsied yn dat lân.

Postma wol de koalsiedoalje dy't dêrby frijkomt ferkeapje oan grutte oaljemaatskippijen. De groep bliuwt noch in wike yn de Oekraïne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)