Koalsied goed foar ekonomy

20 okt 2004 - 10:10

De tylt en ferwurking fan koalsied kin in ympuls oan de ekonomy fan Noard- Nederlân jaan. Dat waard tiisdei dúdlik op it sympoasium 'Krijgt koolzaad een nieuwe kans' op it Van Hall-ynstitút yn Ljouwert. Hûnderten lânbouwers, leden fan advysburo's en ûndernimmers praten oer de ferwurking fan koalsied ta ûnder oaren brânstof foar de auto's.

By Van Hall wiene allegear auto's te sjen dy't rinne op koalsiedoalje. Dy kamen meast út Dútslân en België.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)