Koai mei pappegaaien stellen

15 jun 2008 - 14:14

De plysje hat sneon in ûndersyk ynsteld nei de dieverij fan in koai mei pappegaaien yn Drachten. De blauwe koai, ien by ien en 1,80 meter heech, stie in de sintrale hal fan in flat oan it Ald Ambacht yn Drachten.

De koai waard yn de nacht fan freed op sneon stellen. Yn de koai sieten fjouwer folwoeksen fûgels, twa jongen en twa of trije aaien. In 58-jierrige bewenner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)