Koälysje SW-Fryslân bekend

01 maaie 2014 - 19:05
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

Der is in definityf koälysje-akkoart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. CDA, D66, FNP en PvdA sille de kommende jieren de gemeente bestjoere. It akkoart hong al in skoftke yn de loft. De partijen hawwe harren de ôfrûne wiken byprate litten op tal fan saken, foardat se mei-elkoar om tafel giene foar it meitsjen fan definitive ôfspraken. Wa't de nije wethâlders wurde, wurdt freed bekend makke.

Mei de nije koälysje falt it doek foar de VVD. Sy sieten de ôfrûne fjouwer jier mei de PvdA en it CDA yn it kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)