Koälysje Opsterlân bekend

03 apr 2014 - 18:51
  • Gemeente Opsterlân

De gemeente Opsterlân krijt de kommende fjouwer jier in kolleezje dat bestiet út Opsterlands Belang, CDA, ChristenUnie en D'66. Mei dat advys komme de beide ynformateurs dy't de ôfrûne wiken mei alle partijen sprutsen hawwe.

Dêrmei bliuwt it kolleezje foar it grutste part gelyk oan it hjoeddeiske kolleezje, mar skoot no ek D66 oan. Dy lêste partij sil lykwols gjin wethâlder leverje. De partijen moatte noch wol ta in koälysje-akkoart komme. De petearen dêroer begjinne nije wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)