Koälysje foar Ljouwert

04 des 2013 - 21:31

De PvdA, it CDA en Pal GrienLinks foarmje de nije koälysje fan de gemeente Ljouwert. Dêrmei krijt Ljouwert deselde koälysje as de ôfrûne jierren. De partijen sille fan moandei ôf ynhâldlik prate oer it koälysje-akkoart en de wethâldersposten. De bedoeling is dat dêr noch foar de kryst dúdlikens oer komt, seit griffier Felix van Beek fan Ljouwert.

Earder yn it proses prate ek D66, ien fan de winners fan de ferkiezings, mei, mar dy is ôfheakke. De partij fûn dat der te min feroarings yn it besteande belied mooglik wienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)