Koälysje Dantumadiel bekend

10 apr 2014 - 19:36
  • Gemeente Dantumadiel

Dantumadiel krijt nei alle gedachten in koälysje fan CDA, FNP en ChristenUnie. Dat hat ynformateur Jan Jitse Visser (CDA) bekend makke. Roelof Bos fan it CDA sil no as formateur oan de slach.

De partijen ûnderhannelje oer it programma en de ferdieling fan de portefúljes. Der sil foaral praat wurde oer de weryndieling. De partijen ferskille fan miening oft de gemeente selsstannich bliuwe moat of fierder moat mei oare gemeenten. Nei alle gedachten is de formaasje op 29 april klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)