Koadekommisje: reklame Jumbo misliedend

23 feb 2015 - 17:53
  • Griente

Supermerkketen Jumbo mei net langer advertearje dat se it goedkeapst binne mei griente en fruit. H&M Groenten en Fruit út Nijlân en gruthannel Posthuma út IJsselmuiden hiene in klacht ynstjinne by de reklamekoadekommisje. De reklame fan Jumbo wie neffens har misliedend en se hawwe gelyk krigen fan de koadekommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)