Koade oranje yn Fryslân fanwege hurde wyn

31 mrt 2015 - 08:04

It KNMI hat foar tiisdeitemoarn koade oranje ôfjûn yn Fryslân, Grinslân en Drinte fanwege de hurde wyn. De koade oranje giet fan 10 oere ôf yn en stiet foar ekstreem waar. Yn de rest fan Nederlân jildt koade giel, wat stiet foar gefaarlik waar.

It KNMI warskôget benammen foar ûnferwachtse wynstjitten. De oerlêst yn Fryslân falt oant no ta wol ta. Op de Ketelbrêge en de Ramspolbrêge yn Flevolân waaiden twa frachtweinen om, mei in soad oerlêst as gefolch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)