Koade oranje wer ynlutsen

26 jan 2014 - 15:43
  • Struiwein

It KNMI hat sneintemiddei 'koade oranje' foar ekstreem waar foar Fryslân, Grinslân en Drinte wer ynlutsen. De kâns op glêdens bliuwt bestean, seit it KNMI.

Yn it easten en noardeasten fan de provinsje wiene sneintemoarn sawat fyftjin ûngelokken troch de glêdens. Op de Wâldwei tusken Drachten en Nijegea glieden seis auto's de berm yn. Ien kaam op de kop yn de sleat telâne. Der is gjinien ferwûne rekke. Op de A7 by Drachten wiene ek ferskate iensidige ûngelokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)