Koade oranje: KNMI warskôget foar gefaarlik waar yn Fryslân

29 nov 2015 - 12:32

It KNMI hat snein warskôge foar gefaarlik of ekstreem waar. Koade oranje, it op ien nei heechste nivo, jildt foar Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Yn de rest fan it lân bliuwt koade giel fan krêft. Oan de ein fan sneintemiddei en sneintejûn binne der yn it noarden tige swiere wynstjitten.

It KNMI kundiget koade oranje ôf as der in grutte kâns is op gefaarlik of ekstreem waar, mei kâns op skea, letsel of in soad oerlêst. Dit kin tige lokaal wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)