Koade oranje foar glêdens

26 jan 2014 - 10:15
  • Plysje hat hannen fol oan ûngelokken troch winterwaar

It KNMI hat sneintemoarn koade oranje ôfjûn foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Dy warskôging jildt foar ekstreem waar. It kin yn it Noarden ferriederlik glêd wêze troch izel of trochdat wiete diken opfrieze. Yn it noardeasten fan it lân falt út en troch wat snie of rein. Dat kin izel feroarsaakje.

It KNMI ferwachtet sneintejûn ek snie yn it noardeasten. Yn oare parten fan it lân reint it dan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)