Koade oranje fanwege glêdens

14 des 2012 - 08:28
  • Plysje hat hannen fol oan ûngelokken troch winterwaar

Fanwege de glêde diken yn Fryslân, Grinslân en Drinte hat it KNMI freedtemoarn koade oranje ôfjûn. Dat betsjut dat it op plakken tige glêd wêze kin. Yn Fryslân binne de problemen benammen op de A32. Om foar te kommen dat noch mear auto's fan de dyk reitsje, mei dêr mar tritich kilometer yn 'e oere riden wurde. Minsken dy't der net perfoarst op út hoege, wurdt oanret foarearst thús te bliuwen.

De gefarekoade is nei in pear oeren opheft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)