Knypster skoalle kuorbalkampioen

05 jun 2003 - 00:00

Groep 7/8 fan de Compagnonskoalle fan De Knipe is woansdei yn Twizel Frysk kampioen skoalkuorbal wurden. De Klaeter fan De Hoeve waard twadde. By groep 5/6 gong de Fryske titel nei de Trije Doarpenskoalle fan Reduzum. Hjir wie it twadde plak foar de Ekke de Haan-skoalle fan It Hearrenfean.

De kampioenen meie op sneon 21 juny meidwaan oan de Nederlânske kampioenskippen yn Ermelo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)