Knyppunten fytspaden melde

05 des 2012 - 10:31
  • Fytspaad

It fytsersbûn yn Fryslân siket minsken dy't knyppunten foar fytsers op de foto sette wolle. It giet dan bygelyks om minne stikken dyk, pealtsjes dy't yn it paad steane of beamwoartels dy't troch it asfalt hinne komme. Reden om de knyppunten te ynventarisearjen is dat it tal ûngelokken, dêr't fytsers by belutsen binne, de lêste tiid tanimt. Alle jierren reitsje 3.000 minsken ferwûne troch sokke obstakels. De offisjele ôftraap foar de ynventarisaasje-kampanje is tongersdei op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)