KNWU beneamt opfolger Joop Atsma

31 maaie 2006 - 08:52

De KNWU hat moandei yn Utrecht de opfolger fan foarsitter Joop Atsma beneamd. It giet om de 42-jierrige Marcel Wintels.

De Fries Atsma wie tolve jier lang foarsitter fan de Keninklik Nederlânske Hurdfyts Uny. Hy is no sûnt ein ferline jier aktyf by de ynternasjonale hurdfytsuny as foarsitter fan de dykkommisje. Yn it deistich libben wurket Atsma as Twadde-Keamerlid foar it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)