KNVB wol Labyad 4 wedstriden útslute foar oertreding op Uth

02 jun 2015 - 14:27
  • Mark Uth definityf nei it Dútske Hoffenheim

De KNVB wol Zakaria Labyad fan Vitesse fjouwer wedstriden skorse foar syn oertreding op SC Hearrenfean-spits Mark Uth, ôfrûne snein yn de play-off wedstriid om Europeesk fuotbal. Labyad trape fol op de boppeskonk fan de spits.

Skiedsrjochter Bas Nijhuis hat de oertreding doe lykwols net sjoen. De KNVB hat nei de wedstriid dochs noch in ûndersyk ynsteld. Labyad moat tiisdeitemiddei noch op it útstel reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)