KNVB skrast amateurfuotbal

17 feb 2012 - 11:42
  • Amateurfuotbal

Der wurdt it kommende wykein net fuotballe troch de amateurs yn Fryslân. It KNVB distrikt Noard hat alle wedstriden fan sneon en snein ôflast. Troch de froast binne de fjilden noch te hurd. Dat jildt ek foar de wedstriden op keunstgers, sa hat in oantal regiokonsuls fan it fuotbalbûn fêststeld.

De wedstriden yn de topklasse en de haadklassen geane wol troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)