KNVB: "SC Hearrenfean hat ûnnedich risiko naam"

15 jan 2015 - 20:35
  • KNVB

Fuotbalbûn KNVB konkludearret nei ûndersyk dat SC Hearrenfean in risiko nommen hat mei it spyljen fan de oefenwedstriid tsjin Standard Luik. Dizze wedstriid waard fertocht fan matchfixing, it sjoemeljen mei de útslach. De KNVB stelt dat de klup oprjochte bedoelings hie, mar wol in ûnnedich risiko nommen hat.

Technysk direkteur Hans Vonk is bliid mei it ûndersyk, mar fynt de reaksje fan de KNVB wol wat oerdreaun. Wol sil de klup tenei kritysker sjen nei de skiedsrjochter dy't in duel fluitet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)