'KNVB moat better planne'

05 maaie 2012 - 12:51

De KNVB moat by de planning fan fuotbalwedstriden better rekken hâlde mei de gefolgen foar de iepenbiere oarder. Dat fynt de plysje en boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Wylst sneon oerdeis in soad ekstra drokte yn Ljouwert is fanwege it Befrijingsfestival, is sneontejûn ek noch de wedstriid Cambuur-MVV yn 'e stêd.

Wat der ek noch by komt. is dat fan sneontemiddei tolve oere ôf ekstra plysje-ynset nedich is op It Hearrenfean. Boargemaster Van der Zwan hat in needferoardering ynsteld fanwege de risikowedstriid tsjin Feyenoord fan snein

It Befrijingsfestival yn Ljouwert luts ferline jier 80.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)