KNVB komt mei fuotbalpiramide

03 des 2014 - 12:24
  • O.N.S. BOSO Snits

It fuotbal yn Nederlân giet op de skeppe. De bûnsgearkomste fan de KNVB naam tiisdei it beslút om mei yngong fan it seizoen 2016-2017 te kommen ta de saneamde fuotbalpiramide. Dat betsjut dat tusken de Jupiler League en de amateurtopklasse in nije lanlike divyzje komt. It betsjut ek dat der út de Jupiler League wei degradearre wurde kin. Nederlân wie yn dat opsicht unyk yn Europa.

De Jupiler League wie de iennige kompetysje dêr't klups net út degradearje koene. Fryslân telt op dit stuit ien topklasser: ONS Boso Snits.

Cambuur-direkteur Gerald van den Belt is bliid mei it beslút fan de KNVB. Yn it amateurfuotbal wurdt noch ferdield reagearre op it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)