KNVB: Cambuur is finansjeel sûn

17 des 2014 - 15:44
  • SC Cambuur

SC Cambuur is troch it fuotbalbûn KNVB foar it earst yn it bestean fan de klup yndield yn de finansjeel meast sûne kategory trije. Dat hat de KNVB sein nei oanlieding fan de jiersifers oer 2013 en 2014.

Earder dit jier kaam de Ljouwerter fuotbalklup noch yn kategory twa. Cambuurdirekteur Gerald van den Belt is hiel bliid mei de nije yndieling. Wol warskôget hy dat de klup der noch net is, om't it eigen fermogen noch altyd negatyf is. De kommende jierren moat de klup derom wach en kreatyf bliuwe, sa seit Van den Belt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)