KNSB wol Thialf en TranSportium as topsportlokaasjes

10 nov 2014 - 20:15
  • Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou
  • 'Artist impression' fan it Transportium yn Zoetermeer

De KNSB wol de gearwurking sykje mei Thialf en TranSportium yn Zoetermeer. Beide iisstadions moatte neffens it bûn de takomst fan de topsport feilich stelle. It reedrydbûn ferwachtet meikoarten in ferbyntenis foar meardere jierren te tekenjen mei Thialf. It Hearrenfean bliuwt foarearst de topsportlokaasje.

Dêrneist wol de KNSB in jier foar de oplevering (2019/2020) in oerienkomst mei TranSportium tekenje foar it hâlden fan ynternasjonale wedstriden. Fierder moat Zoetermeer ûnderdiel wurde fan de regionale talintesintra fan 'e KNSB.

Earder hie de KNSB Icedôme yn Almere op it each as nije lokaasje foar topsport. Uteinlik die bliken dat dat finansjeel net rûn te krijen wie. Deputearre Hans Konst hat gjin muoite mei de kar fan de KNSB, om't er tinkt dat beide iisstadions mekoar oanfolje. Wol hie er leaver sjoen dat it bûn folslein foar Thialf keazen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)