KNSB wol kabinet oankleie

28 okt 2003 - 00:00

Reedridersbûn KNSB wol yn 'e mande mei alve oare sportbûnen juridyske stappen nimme tsjin de besunigingsplannen fan it kabinet. KNSB-foarsitter Jacob Reitsma kundigt de aksje oan yn it blêd Schaatssport. De KNSB rint troch de besunigings sa'n 300.000 euro mis.

Reitsma is benammen lulk oer it skrassen fan 'e ynstellingssubsydzje mei yngong fan jannewaris 2004. "Sa'n besuniging op sa'n koarte termyn is ûnferantwurde. Dat kin echt net."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)