'KNSB ûndúdlik oer nij Thialf'

20 jan 2013 - 12:45
  • Thialf

De riedsfraksje fan it CDA yn de gemeente Hearrenfean set fraachtekens by de belutsenens fan de KNSB by in nij Thialf. Neffens de partij hat it reedrydbûn him ferbûn oan de plannen foar de ferbou fan Thialf. Provinsjale steaten namen dêr yn desimber in beslút oer.

Ut berjochten fan Omroep Flevoland docht bliken dat de KNSB Almere frege hat om diel te nimmen oan in seleksjeproseduere foar de oanwizing fan in nij, nasjonaal iistopsportsintrum. Neffens it CDA yn 'e gemeente Hearrenfean is dat yn tsjinspraak mei de stipe foar in nij Thialf.

De partij stelt moandei fragen oer de kwetsje oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)