KNSB stipet DSB-ploech

19 okt 2009 - 14:46
  • Sjoerd de Vries, ien fan de DSB-riders (foto: Martin de Jong)

Reedrydbûn KNSB sil de langebaanploech fan DSB finansjeel stypje oant it momint dat in nije sponsor fûn is. Neffens de KNSB moat de tarieding op de Olympyske Spelen net yn gefaar komme. De stipe hâldt yn dat it bûn de reis- en ferbliuwskosten en de kosten fan de trainingsfasiliteiten betellet.

Der sil boppedat omsjoen wurde nei in nije sponsor. De kompetysje foar de maratonreedriders giet gewoan troch, al moat dêr ek in nije sponsor foar socht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)