KNSB makket seleksje foar WK shorttrack yn Seoul bekend

19 feb 2016 - 17:10

De seleksjekommisje shorttrack fan 'e KNSB hat de riders selektearre foar it WK yn Seoul op 11, 12 en 13 maart. Foar Fryslân komme yn aksje Rianne de Vries út Akkrum, Suzanne Schulting fan De Tynje, Itzhak de Laat út Ljouwert en Dennis Visser fan De Lemmer.

Schulting, De Laat en Visser hawwe yndividuele startplakken en komme yn aksje op de ôflossing. De Vries komt allinnich yn aksje op it ûnderdiel ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)