KNSB makket reedriders foar EK en WK bekend

30 des 2015 - 12:18
  • Reedriden

Reedrydbûn KNSB hat de nammen bekendmakke fan de riders en rydsters dy't nei it Europeesk kampioenskip yn Minsk op 9 en 10 jannewaris en it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Kolomna op 11 oant en mei 14 febrewaris meie. Op it EK ride Ireen Wüst, Antoinette de Jong, Marije Joling, Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Douwe de Vries. Jorrit Bergsma hie him ek pleatst, mar dy sjocht ôf fan dielname.

Nei it WK ôfstannen gean de froulju Margot Boer, Janine Smit, Jorien ter Mors, Marrit Leenstra, Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Jorien Voorhuis, Irene Schouten, Lisa van der Geest en Carien Kleibeuker. By de manlju binne dat Jan Smeekens, Kai Verbij, Thomas Krol, Stefan Groothuis, Daidai Ntab, Patrick Roest, Erik Jan Kooiman, Bob de Vries, Jorrit Bergsma, Sven Kramer en Douwe de Vries.

De teams foar de ploege-achterfolging en de massastart wurde letter troch bûnscoach Geert Kuiper bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)