KNSB kiest foar Thialf

02 nov 2012 - 16:16
  • Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou

It reedridersbûn KNSB wol ek yn de takomst ynternasjonale langebaan wedstriden nei Nederlân helje en dan yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean ferride litte. Dat seit KNSB-foarsitter Doekle Terpstra. It bûn is entûsjast oer de fernijbouplannen fan Thialf.

Neffens Terpstra sil it fernijde stadion foldwaan oan de betingsten dy't de KNSB steld hat oan in moderne topsportakkommodaasje. De KNSB hat him fanwege de ynvestearrings dy't Thialf dien hat, ferbûn oan it iisstadion op It Hearrenfean.

Dat betsjut dat it bûn dêr grutte wedstriden organisearje wol. Earder seach de KNSB ek wol om him hinne nei oare iisstadions yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)