KNSB jout noch gjin útslútsel

11 jun 2013 - 21:45
  • Jan Smeekens

Reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF sille freed in taljochting jaan op it ferrin fan de gesprekken mei de trije gadingmakkers nei in iisbaan mei topsportstatus. Tiisdei wie der in petear tusken de beide topsportorganisaasjes en de trije oanbieders Icedôme yn Almere, Thialf op It Hearrenfean en it TranSportium yn Zoetermeer. De projektlieder fan Icedôme yn Almere hie mei in koart pleit drige, as der tiisdei gjin dúdlikheid komme soe oer de topsportstatus.

Dêrom wie it wol opfallend dat ek de minsken fan Almere tiisdei by it petear wiene. Neffens de KNSB wie it in goed en saaklik gesprek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)