KNSB gjin probleem mei útstel

20 feb 2012 - 15:45
  • In skets fan in nij Thialf by it Abe Lenstra Stadion

Salang't de provinsjale polityk mar 'ja' seit tsjin nijbou fan Thialf by Sportstêd is de KNSB bliid mei it CDA-plan foar Thialf. Woansdei moatte de steaten in beslút nimme oer de takomst fan it iisstadion, mar de polityk is slim ferdield. It CDA wol no dat de steaten har yn prinsipe útsprekke foar nijbou by Sportstêd om dan in yngeand ûndersyk te dwaan nei de kosten.

Neffens KNSB-foarsitter Doekle Terpstra hat it reedridersbûn dêr gjin problemen mei, as úteinlik mar keazen wurdt foar nijbou by it Abe Lenstrastadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)