KNSB-gewest Fryslân hat nije haadsponsor

25 des 2014 - 11:12
  • KNSB

It KNSB-gewest Fryslân hat in nije haadsponsor. It is Victron Energy. Skoallemienskip OSG Sevenwolden, sikehûs De Tjongerskâns, Thialf en de Ljouwerter iishal slute ek oan by it gewest. Fierders sil der gearwurke wurde mei team Corendon fan coach Jan van Veen, dêr't Marrit Leenstra yn rydt.

It gewest is dwaande mei plannen foar it oplieden fan talinten. Neffens inisjator Bauke Jonkman fan de nije plannen moat Fryslân dêrtroch wer it bolwurk fan it Nederlânske reedriden wurde op ferskate dissiplines.

Victron Energy makket apparatuer foar enerzjyfoarsjennings, lykas bygelyks sinnepanielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)