KNSB bliid mei bydrage Thialf

05 des 2012 - 20:25
  • Doekle Terpstra

It reedridersbûn KNSB is bliid mei it beslút fan provinsjale steaten om 50 miljoen euro beskikber te stellen foar in nij Thialf. Wol seit foarsitter Doekle Terpstra dat der noch in soad fraachtekens binne. Woansdei waard by de kommisjegearkommisje fan de steaten dúdlik dat der in mearderheid is foar de ynvestearring yn in nij Thialf, mar dan wol in stadion mei mar ien baan.

It útstel fan deputearre Konst foar twa 400-meterbanen wurdt troch de grutste partij, de PvdA, sjoen as in te grut risiko en dêrtroch is dêrfoar gjin mearderheid mear te finen. Neffens de KNSB is it wichtich dat Fryslân sawol in baan krijt foar de topsport as foar de rekreant. Terpstra wol dêrom sa gau mooglik prate mei kommissaris fan de Keninginne Jorritsma en deputearre Konst oer wat no krekt besletten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)