'KNSB bestjoer moat opstappe'

29 aug 2013 - 16:00
  • Sven Kramer yn Thialf

Sven Kramer fynt dat it bestjoer fan de KNSB opstappe moat. Hy sei dat tongersdei by de parsedei fan de TVM-ploech. Kramer fynt dat it bestjoer net goed lústeret nei de krityk fan topsporters. Ek hat er it gefoel dat de direksje fan de KNSB troch it bestjoer yn in wurchgreep hâlden wurdt.

Kramer mocht as prominint lid fan de lederied stimme oer it oanbliuwen fan Doekle Terpstra. Om't er op trainingskamp wie, koe er net by de fergadering wêze. Hy betwivelet boppedat oft er mei ien tsjinstim it hiele bestjoer fuortstimme kind hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)