KNRM wol kaai fjoertuorrren

05 mrt 2004 - 00:00

De KNRM wol tagong ta de fjoertuorren op de waadeilannen ha, as dy sletten wurde. Troch besunigingsplannen fan Rykswettersteat driget yn de takomst mar ien toer bemand te bliuwen.

De rêdingsmaatskippij freget oan Rykswettersteat oft se de kaai krije kinne by needgefallen. De rêders kinne fan de toer ôf de aksjes better oersjen en útfiere. De KNRM fynt lykwols dat de fjoertuorren yn it waadgebiet bemand bliuwe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)