KNRM test strânwachten foar de Waadeilannen

20 mrt 2016 - 09:44
  • Strânwacht fan de KNRM

Yn Amsterdam is snein de lêste seleksjedei foar kandidaten dy't de kommende simmer strânwacht wurde wolle op de Waadeilannen. Se moatte ûnder oare in swimtest, in gearwurkingsopdracht en in motivaasjepetear dwaan. Wa't hjoed troch de testen komt, krijt yn maaie noch in wike oplieding.

Fan sneon 18 juny ôf begjinne de strânwachten op It Amelân en twa wike letter ek op de Skylge, Flylân en Skiermûntseach. De KNRM set mei-elkoar 100 strânwachten yn.

De strânwachten fan de KNRM kamen yn de simmer fan 2015 mei-elkoar 1749 kear yn aksje. Der waard 1625 kear earste help ferliend, 13 rêdings ferrjochte en 36 fuortrekke bern werombrocht by de famylje. Mear ynformaasje op www.redderworden.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)