KNRM sleept jacht nei haven

30 jul 2009 - 18:53

De rêdingsmaatskippij hat tongersdei op Skiermûntseach in losrekke syljacht nei de haven brocht. It jacht lei bûten de haven, mar it anker wie troch de stoarmige wyn losrekke. De bemanning fan de rêdingsboat hat it njoggen meter lange jacht op sleeptou naam nei de haven.

Underweis hat de bemanning in frou oppikt, dy't it wetter al oant it boarst stean hie. Sy wie ûnderweis nei in boatsje dat op it Waad foar anker lei, mar koe dêr net mear komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)