KNRM set 1500 pasjinten oer

25 okt 2012 - 12:12
  • De Amelanner rêdingboat

De KNRM fan It Amelân set ynkoarten foar de 1500ste kear in pasjint oer. De rêdingsmaatskippij docht it ferfier sûnt 1988. Dêrfoar waarden pasjinten altyd oerset mei de fearboat. Op it stuit wurket it systeem sa goed dat in pasjint fan it eilân ôf yn trije kertier yn it sikehûs op de fêste wâl is. De KNRM ferfiert elk jier mear pasjinten. It begûn yn 1988 mei acht, ferline jier wiene it der 207. De KNRM is wiis mei it pasjinteferfier want it hâldt de bemanning fan de rêdingsboat goed skerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)