KNRM oefenet mei de 'Javazee'

05 jan 2010 - 21:14
  • De Javazee oan de kade fan de Harnzer haven

De bemanning fan it KNRM-stasjon yn Harns sil de kommende dagen oefenje om mei de rêdingsboat Javazee. De Javazee is in âlde stielen rêdingsboat dy't oant 1990 ynset waard by ferskate KNRM-lokaasjes. It skip hat in fêst plak by it rêdingsmuseum yn Den Helder, mar leit no yn Harns as iisbrekker.

De moderne rêdingsboaten binne net foar dy funksje geskikt. In tal bemanningsleden hat noch nea op in stielen boat fearn en sil ûnderfining opdwaan moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)