KNRM: net folle stipers derby

09 maaie 2010 - 12:47

De nasjonale rêdingsboatdei hat sneon minder besikers lutsen as oare jierren. Dat kaam troch it kâlde waar. Yn Fryslân diene ûnder oare de rêdingsstasjons op de Waadeilannen en yn Hylpen mei. Doel fan de dei is it winnen fan nije stipers foar de KNRM, de Koninklijke Nederlandse Reddings Maatschappij.

Der binne, lanlik sjoen, troch it mindere tal besikers 450 nije donateurs by kaam. De KNRM hat 75.000 donateurs, wêrfan 8.000 yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)