KNRM: mear minsken tagelyk rêde

12 jul 2004 - 17:33

De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij wol mear minsken tagelyk rêde kinne as no it gefal is. Dêrfoar wurde de rêdingsboaten ferfongen troch gruttere dy't mear minsken oan board hawwe kinne.

De gefaren foar in ramp op de Waadsee skûlje benammen yn de oerfarders nei de eilannen. Njonken in grutter type normale rêdingsboat wurde ek de lytsere rêdingsboaten ferfongen troch in type dêr't mear minksen op kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)