KNRM lulk op rederij Noordgat

16 des 2012 - 08:45
  • Ien fan 'e skippen fan rederij Noordgat

Frijwilligers fan de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij binne lulk op rederij Noordgat fan Skylge. Se binne it net iens mei wat se krityk neame op har pogingen om bultrêch-walfisk Johannes te rêden fan it eilantsje Razende Bol by Teksel.

De rederij soe tsjin in krante sein ha dat de KNRM Noordgat tsjinwurke hie by pogingen om de walfisk los te krijen fan de sânplaat. Neffens de meiwurkers fan de KNRM wiene sy dat net, mar de plysje, dy't elk tsjinhâlden hat om by de bultrêch te kommen.

Yn in petear mei Omrop Fryslân hat Arjen de Boer fan rederij Noordgat juster sein dat hy en syn kollega's tsjinhâlden waarden troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)