KNRM komt yn aksje foar ûnderkuolle man by Lauwersmar

26 feb 2016 - 22:28
  • Lauwersmar

De KNRM-meiwurkers fan Lauwerseach kamen freedtemiddei yn aksje foar in man dy't yn it wetter fan de Lauwersmar lei. In man yn in fiskersboatsje hie it slachtoffer sjoen. De rêdingsboat hat de man, in Dútske swalker dy't hjir al jierren wennet, rêden.

Hy wie fan syn surfplanke fallen. De man is swier ûnderkuolle nei sikehûs UMCG yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)