KNRM helpt syljachten

18 aug 2010 - 09:06

De KNRM hat tiisdeitejûn trije syljachten holpen om feilich de haven fan Lauwerseach yn te farren. De jachten mei dêrop 6 folwoeksenen en 5 bern wiene moarns fuortgien fan Helgolân.

Se wiene ûnderweis nei Lauwerseach, mar soene dêr net foar tsjuster oankomme. Ek krigen se te meitsjen mei hege weagen en hurde wyn. Dêrom hawwe se de rêdingsmaatskippij ynskeakele. Krekt nei middernacht koene de boaten ûnder begelieding de haven ynfarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)