Knokkerij yn Donkerbroek

03 jul 2010 - 13:53

Yn Donkerbroek hat freedtenacht om sawat ien oere in grutte fjochtpartij west yn de feesttinte. Tsientallen jongeren út ferskate doarpen giene mei elkoar op de fûst. Der wie in soad alkohol dronken. Mei in protte muoite slagge it de plysje om de boel wer rêstich te krijen yn 'e tinte.

Dat duorre lykwols net lang want op it parkearterrein wiene de jongeren wer slaande deilis. Mei ferskate plysje-ienheden en in plysjehûn is it slagge om de partijen út elkoar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)