KNMI warskôget: koade giel fanwege glêdens en tichte mist

12 feb 2016 - 07:11
  • Warskôging foar glêdens

Wa't freedtemoarn op 'en paad giet, moat rekken hâlde mei glêde diken. Troch befriezing fan wiete diken, moat it ferkear der goed om tinke. Op brêgen, fiadukten en lokale diken kin it pleatslik glêd wêze. Ek warskôget it KNMI foar tichte mist.

It KNMI hat koade giel ôfjûn foar in grut part fan it lân. Dat jildt ek foar Fryslân, útsein it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)