KNMI warskôget foar glêde diken sneintenacht

03 jan 2016 - 19:49

It KNMI warskôget sneintenacht op 'e nij foar glêdens op de Fryske diken. Dêrom jildt der fan middernacht ôf koade giel. De temperatuer leit sneintenacht krekt om it friespunt hinne. Dêrtroch kin der izel ûntstean.

Sneintemoarn wie it ek al glêd op de diken. It KNMI hie doe sels koade oranje ôfjûn foar de trije noardlike provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)